Wenhûs njonken Sint-Anne troch brân ferlern gien

27 des 2019 - 07:01

Yn de nacht fan tongersdei op freed moast de brânwacht yn aksje komme foar in grutte brân yn in wenhûs oan de Langhuisterweg yn Sint-Anne. Der rekken gjin minsken en bisten ferwûne, mar it hûs is foar in grut part ferlern gien.

De bewenners wiene op it momint fan de brân net thús. Der binne meardere brânwachten út de omjouwing nei Sint-Anne riden. Neffens guon berjochten soe der ek asbest yn it pân sitten hawwe, mar hat der gjin gefaar foar de omjouwing west. Yn in skuorre njonken it hûs stiene in pear hynders en in hûn, mar dizze bisten binne der op 'e tiid weihelle.

Ferslachjouwer Remco de Vries yn Sint-Anne

Foto: CAMJO media / Stefan Postema
(advertinsje)
(advertinsje)