FIDEO: Noch ien kear nei Feu, ôfskie nimme fan in diskoteek

Diskoteek Feu yn Drachten hâldt der nei 51 jier mei op. It wie in begryp yn Drachten. Guon ferkearingen binne hjir begûn. Mar de lêste tiid waard it hieltyd minder drok.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
"Het einde van een tijdperk", sa neamt eigener Sven Boxum it sluten fan de ferneamde diskoteek. Hy seit dat de tiden feroare binne, en dat de jeugd op in oare wize op stap giet. Dêrneist tinkt er dat de feroaring yn de wetjouwing in rol spile hat. De jeugd mei no pas mei achttjin jier drinke, en net mear mei sechstjin jier, sa't it yn it ferline wie.
De lêste jûn fan Feu waard troch sawol âld as jong besocht. Foar de ien in lekkere feestjûn, en foar de oar ôfskied nimme fan skiednis. Ferslachjouwer Maaike van der Hoek makke in sfearreportaazje oer dy alderlêste jûn fan Feu:
Diskoteek Feu yn Drachten
In radioferslach fan Maaike van der Hoek