Piet Paulusma makket him op foar ôfskie fan SBS

Nei 23 jier nimt Pyt Paulusma kommende wike ôfskie fan SBS. De no 63-jierrige waarman waard nei de strange winter en de alvestêdekoarts fan 1996 troch de kommersjele stjoerder binnenhelle. Hy luts mei syn waarberjocht alle dagen in miljoen sjoggers.
Piet Paulusma
"Ik moat sizze dat it wat ûnwennich fielt. Sa lang alle dagen yn tou west foar SBS en dan hâldt it ynienen op", fertelt Paulusma. "En ik begryp noch hieltyd net wêrom. Dat is my nea útlein. Ik krij in soad reaksjes fan minsken dy't it ûnbegryplik fine en sels lilk binne."
De Fryske waarman socht as earste de minsken op, bygelyks op campings en by eveneminten. It ferneamst is de markante waarman lykwols om syn wurden 'oant moarn'.
"Dat hawwe wy yn it earste jier fan SBS betocht", leit Paulusma út. "Ik bin in Fries en ik woe dat ek hearre litte. Doe fregen se my wat 'tot morgen' yn it Frysk is. Sa is it begûn. Elkenien yn Nederlân seit dit binnen in heal jier, seine se by SBS. Dat kaam yndie sa út."
Paulusma, dy't fêste waarman fan de Omrop bliuwt, is tongersdei 2 jannewaris foar it earst by syn nije wurkjouwer Max te sjen. Ek dêr sil hy lykas by SBS syn waarfoarsizzing einigje mei oant moarn.
Kommende moandei sil hy by de Alvestêdehal yn Ljouwert it lêste waarberjocht foar SBS presintearje.