Weromsjen: Hoe giet it mei Rienk út it G-team fan SC Hearrenfean?

26 des 2019 - 19:28

SC Hearrenfean hat der sûnt dizze simmer in nij fuotbalteam by: it G-team. Dit team bestiet út bern mei in beheining. Se traine alle wiken en spylje yn in spesjale earedifyzje ûnder oare tsjin Ajax en ADO Den Haag.

Foto: Omrop Fryslân

De bysûndere earedifyzje is in inisjatyf fan de Nederlandse Stichting voor het Gehandicapte Kind, sadat bern mei in beheining dochs fuotbalje kinne. Ien fan 'e spilers fan it G-team is de 13-jierrige Rienk Eisma út Damwâld.

It is no winterstop foar Rienk en syn teamgenoaten, dus in moai momint om yn it Abe Lenstra Stadion mei him, syn mem en trainer Karl werom te sjen op de earste helte fan it seizoen.

Harkje nei de reportaazje foar it folsleine ferhaal fan Rienk:

Weromsjen: G-team SC Hearrenfean

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)