Keunstwurk fan acht reedriders stellen yn Aldtsjerk

26 des 2019 - 18:26

By Aldtsjerk is koartlyn it keunstwurk fan acht reedriders stellen. Dy stiene oan it begjin fan it doarp op de N361 tusken Dokkum en Oentsjerk. Oan wjerskanten fan de ovonde stiene twa bylden mei beide fjouwer reedriders. Ien fan dy beide bylden is fuorthelle.

Ynwenners fan it doarp hâlde bot rekken mei in aldjiersstunt, want ek it plaknammeboerd fan Oentsjerk, in lyts eintsje fierder is fuorthelle. Dat boerd stiet yn de berm by de Mariatsjerke. Wa't it keunstwurk en it plaknammeboerd meinaam hawwe, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)