Gitaar fan Emiel fan de Hûnekop smyt 3500 euro op foar goeie doel

26 des 2019 - 18:12

De âlde gitaar fan sjonger Emiel fan de band De Hûnekop hat 3500 euro opsmiten yn in feiling foar it goeie doel. De sjonger wie ta oan in nije gitaar, mar woe syn âlde ynstrumint net samar fuort dwaan.

Foto: De Hûnekop

De gitaar is kocht troch Richard Algra fan De Harkema. Oant koart foar it sluten fan de feiling stie it bedrach noch op 2500, mar Algra kaam dêr op twadde krystdei krekt foar seizen noch tusken, en mei de gitaar no meinimme nei hûs ta.

Rolstoelbus

De feiling wie foar in goed doel dat Emiel tsjinkaam wie op Facebook: Gerard en Joyce Sirag út Koudum. It echtpear hat in rolstoelbus, om't Joyce in beheining hat, mar ferline wike tiisdei baarnde dy rolstoelbus ynienen folslein út.

De spesjale bus stie njonken it hûs fan it echtpear Sirag doe't it yn flammen opgie, nei alle gedachten troch koartsluting. Lokkigernôch is der neat oars yn de brân flein, mar it ferliezen fan de bus, is in grutte klap foar de famylje, want dy bus is net samar ferfangber.

It ferhaal spruts Emiel oan, en hy naam it beslút om syn gitaar te feilen foar it echtpear út Koudum. Njonken Emiel hat ek Omrop Súdwest in aksje op tou set, dêr't yntusken ek al 3500 euro op binnenkaam is. Dêr komt no de 3500 fan de gitaar fan Emiel by.

Tige wiis

Gerard en Joyce binne tige wiis mei de aksje fan Emiel: "Wij zijn geraakt door alle aandacht", fertelt Gerard. "En natuurlijk zeer blij met de opbrengst. We hopen zo snel mogelijk weer een bus te kunnen kopen, zodat Joyce weer mobiel is."

(advertinsje)
(advertinsje)