Hûnderten Friezen rinne de krystkaloryen derôf by krystkuiers

Op ferskate plakken yn ús provinsje hawwe op twadde krystdei wer de tradisjonele krystkuiers west. Mei de kalkoen, rukola of rollade noch achter de kiezzen koene minsken de kaloryen derôf rinne kin yn Bakkefean en op De Harkema. Minder bekend is de kuiertocht troch de Trynwâlden, 'Tryn's Kuier'.
Tryn's krystkuier
Tryn's krystkuier is mear as allinnich in tocht om te rinnen: sa kin der ek puzele wurde oan in spesjale puzzelpriisfraach.
Fan healwei tolven oant healwei ienen koene minsken dêr kuierje oer in lingte fan njoggen kilometer. De rûte sette útein by Heemstra State. De kuierders waarden nei ôfrin ferrast mei live-muzyk en foar de leafhawwers stie der in pantsje stamppot klear.
Neffens de organisaasje wie it in tige slagge edysje, mei troch it moaie waar. Der kamen sa'n 500 kuierders op ôf.