Der binne dit jier 41.125 stimmen útbrocht op de Fryske top 100

26 des 2019 - 17:33

Wurdt it dit jier wer Oele Plop, of sil der in oar mei de Fryske eare fantusken gean. Tongersdei koe der foar it lêst stimd wurde op de tradisjonele Fryske top 100, en dat waard ek massaal dien. Yn totaal 41.125 stimmen binne der dit jier útbrocht op de hitlist.

De stimmerij is op 19 novimber úteinset mei in spesjale middei yn it sintrum fan Drachten, en waard tradisjoneel op twadde krystdei ôfsluten yn de radiostudio fan Omrop Fryslân. Om noch krekt wat ekstra stimmen binnen te heljen, wiene tal fan Fryske artysten en bekende Friezen ynset om in telefoanpanel te foarmjen. Minsken koene belje om har top fiif troch te jaan.

Doel slagge

De organisaasje fan de Fryske top 100 hope mei de aksje boppe de 40.000 stimmen út te kommen, en dat is slagge. Ferline jier wie der in grutte groei yn it tal stimmen fanwege in guerilla-aksje foar it nûmer 'Ik wie smoar' fan Oele Plop.

Dit jier wiene der fergelykbere aksjes op tou set, troch artysten, mar gjin inkele helle de respons lykas dy fan ferline jier. Wa't der dan dit jier op ien stiet? It antwurd komt op âldjiersdei. De Fryske top 100 wurdt dan fan seis oere moarns oant seis oere jûns útstjoerd.

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
(advertinsje)
(advertinsje)