Doarpen Wyns, Miedum en Bartlehiem fiere krysttiid mei eigen film

De ynwenners fan Wyns, Miedum en Bartlehiem hawwe sels in krystfilm makke foar de krystfiering yn it Wynzer tsjerkje. De inisjatyfnimmers binne learares Baukje van der Meer, dokumintêremakker Froukje van Wengerden en media-produsint Sipke Jan Bousema. Se wenje alle trije yn ien fan dizze doarpen.
© Pexels.com
Yn oparbeidzjen mei leden fan de krystkommisje en in studint fan NHL/Stenden is it hiele doarp útnûge om mei te dwaan. It einprodukt is in fideokrystferhaal fan acht minuten, wêryn't de bern op eigen wize it bibelske krystferhaal fertelle.
Sawol de bern as de spilers komme út ien fan de trije doarpen. De ynspiraasje fan de film is in fideo fan fjouwer jier lyn fan in lytse mienskip út Nij-Seelân.