Weromsjen: de histoaryske reis fan ielaak Kornelis Ykes II

26 des 2019 - 13:10

It wie in dream fan de bemanning fan ielaak Kornelis Ykes II: oer de Noardsee farre, de Thames op en sa nei Londen ta. Oant sa'n tachtich jier lyn wie der in brûzende hannel fan Nederlânske fiskers dy't de iel ferkochten yn de Ingelske haadstêd, mar gjin inkeld skip bestiet noch.

De ielaak ûnder de Tower Bridge - Foto: Omrop Fryslân

De ielaak Kornelis Ykes II is in replika dy't yn 2009 boud is om de histoarje te behâlden foar lettere generaasjes. De tocht fan dizze simmer makke it ferhaal kompleet. Op 15 juny sette de reis útein, mei echte libjende iel ûnder yn it skip.

De skippers wiene útnûge troch Sustainable Eal Group, in wrâldwide organisaasje dy't him ynset foar duorsum ielfiskjen. "Dit jier hiene sy in kongres yn Londen en se woene der hiel graach in skip hawwe dêr't eartiids iel mei ferfierd waard. Wy woene al langer nei Londen ta en ûnderfine hoe't it wie om mei sa'n ielaak op see te farren. It kaam dus allegear moai út", sa fertelt Johannes Hobma.

Under Tower Bridge troch

Seis dagen letter, op 21 juny, fear it skip ûnder de Tower Bridge troch. Rinus Grondsma wit noch goed wat it gefoel op it skip wie. "It wie in hiel spesjaal momint. Doe't we de Tower Bridge yn it sicht krigen, stiene we allegearre mei pikefel en triennen yn de eagen. It wie in histoarysk momint."

Yn de takomst is de bemanning fan doel ek oare plakken oan te dwaan. "Dit smakket nei mear", laket Hobma. "Takom jier hawwe we Sail Amsterdam, dêr't we sawiesa hinne sille. Yn 2021 is it de bedoeling dat we nei Denemarken sille, dat is ek wer in histoaryske reis."

Mar ek Ingelân kin oer in pear jier wol wer in besyk ferwachtsje. "We binne alwer frege oft we yn 2020 asjebleaft wer werom komme wolle nei Londen. Dy minsken dêr wiene dolentûsjast!"

Johannes Hobma en Rinus Grondsma fertelle oer harren tocht nei Londen

Trefwurden: 
Heech ielaak Londen
(advertinsje)
(advertinsje)