Epica, Unleashed en Wednesday 13 ek op Dokk'em Open Air

De bands Epica, Unleashed en Wednesday 13 binne taheakke oan it programma fan de trettjinde edysje fan metalfestival Dokk'em Open Air yn july takom jier.
Fans op Dokk'em Open Air © Ronnie Porte
De symfonyske metalband Epica is de haadact op freed 3 july. Unleashed komt út Sweden en makket death-metal en it Amerikaanske Wednesday 13 makket horrormetal.
Earder dizze moanne makke de organisaasje al bekend dat de Amerikaanske bands Death Angel en High on Fire ek optrede sille op Dokk'em Open Air. Dêrfoar wiene de nammen fan Nile, Haken en Crystal Lake al opfierd foar it metalfestival dat op 3 en 4 july 2020 plakfine sil.