Weromsjen: de ynvaazje fan de ikeprosesjerûp

26 des 2019 - 11:29

Ofgryslike jokte, oeral reade útslach en opsette eagen. En dat allegear troch de hierkes fan dit bistje: de ikeprosesjerûp. De oerlêst fan dizze rûp wie dit jier útsûnderlik grut. Mei twa boskwachters sjogge we werom op de ynvaazje fan de ikeprosesjerûp.

Foto: Omrop Fryslân

De rûpen sitte yn ikebeammen om't se sljocht binne op de bledsjes fan de beam. De ikebeam komt benammen foar op sângrûn, dus yn de Stellingwerven, Opsterlân, mar ek yn de bosk fan Gaasterlân. Troch de mylde winters en in gebrek oan natuerlike fijannen is ús lân in smûk plak foar de bistjes. Mei as gefolch dat de ikebeammen dizze simmer fol sieten mei nêsten en rûpen.

Bestriding

Gemeenten en boskwachters hawwe besocht de bistjes te bestriden troch se op te sûgjen of te ferbrânen. Bestriders wisten hast net wêr't se nei ta moasten om it bistje te ferdylgjen, sa drok wie it. Yn dizze tiid fan it jier hawwe de rûpen, dy't earder útgroeid binne as nachtflinters, al aaikes yn de ikebeammen lein.

Foto: Omrop Fryslân

Boskwachters Henk-Jan van der Veen en Manon van Wesel hawwe wêr mooglik besocht maatregels te nimmen om foar te kommen dat minsken yn kontakt kamen mei de hierkes fan de ikeprosesjerûp. Ien fan dy maatregels wie it pleatsen fan linten rûnom de beammen dêr't de rûpen yn sieten. De boskwachters advisearren minsken yn 'e omjouwing fan de ikebeammen om in lange broek en lange mouwen oan te lûken.

Yn 'e natuer fan Oranjewâld, tichteby Museum Belvédère, stean in hiel soad ikebeammen. De boskwachters ynspektearje de beammen om te sjen oft der al aaikes fan de rûp op sitte. Ek sjogge se werom op de oerlêst fan dit jier.

Natuer yn balâns

It fûgeltsje de blokmies (koolmees yn it Nederlânsk) is in natuerlike bestrider fan de ikeprosesjerûp. Slûpbijen lizze aaikes yn de nêsten fan de ikeprosesjerûp.

Boskwachters prate oer de ikeprosesjerûp

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)