Cor Waringa hâldt takom maitiid op by Buro de Vries

26 des 2019 - 10:58

Cor Waringa, de fêste makker fan 'yn memoriam' fan it radioprogramma Buro de Vries, hâldt yn de rin fan takom maitiid op mei de rubryk. De âld-dûmny sil mei oare skriuwers wurkje oan in nije Fryske oersetting fan de Bibel.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dat grutte projekt begjint op 17 jannewaris en moat oer fjouwer jier klear wêze. Om't der in soad tiid yn sitten giet, hat Waringa besletten yn de rin fan de kommende maitiid op te hâlden mei syn fêste rubryk by it radioprogramma.

Njoggen jier

Waringa hat de ôfrûne njoggen jier 'yn memoriams' makke foar Buro de Vries. De krekte datum wannear't hy ophâlde sil, is noch net bekend.

Op dizze twadde krystdei, tongersdei 26 desimber, skowe ferskate gasten in oere lang oan yn de studio fan Buro de Vries.

Cor Waringa yn Buro de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)