Lilke Ljouwerter (19) falt hoarekameiwurker oan en wurdt oppakt

26 des 2019 - 09:09

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert in 19-jierrige man út de stêd oanhâlden. De man wie lilk en hie yn in kroech besocht in hoarekameiwurker oan te fallen.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

Hy hie flink wat dronken of oare middelen brûkt. De plysje hat de man oppakt foar it fersteuren fan 'e oarder.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)