Duizend Dagen: #3 De keunst fan it knikkerjen

25 mrt 2020 - 17:30

Yn april 1992 is De Rottefalle ynienen fjouwer bern riker. Fjouwer jonkjes, dy't eltse moarn harren matraskes oprôlje moatte om romte te meitsjen. Dy't alle dagen sjogge hoe't harren âlden libje moatte mei eangst. Kinne de bern wol bern wêze? En hoe dan? Master Tom de Boer en syn frou Akky sjogge werom. Wy moetsje Nynke Sietsma, dy't net lang lyn noch kontakt hie mei har Syryske klasgenoatsjes fan doe. Wy lizze sels de earste, foarsichtige kontakten mei de famylje. Mar: wolle sy noch wol weromsjen?

Sjoernalisten Wieberen Elverdink (Leeuwarder Courant), Diane Romashuk (Friesch Dagblad) en Karen Bies (Omrop Fryslân) makken DUIZEND DAGEN, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerke-asyl fan De Rottefalle.

De podcast Duizend Dagen is te beharkjen op Spotify, Apple Podcasts en Google Podcasts.

It is in projekt fan Finster op Fryslân, makke mei stipe fan de provinsje Fryslân. Byld: Jentsje Popma.

(advertinsje)
(advertinsje)