Kringloopwinkel Snits ferwachtet nei simmer 2020 wer te iepenjen: "Schouders eronder"

25 des 2019 - 19:47

De kringloopwinkel Estafette yn Snits, dy't yn juny ôfbaarnde, ferwachtet takom jier nei de simmer de doarren wer iepenje te kinnen. Dat sei Jelmar Helmhout fan de kringloopwinkel woansdei by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Op 14 juny lei in útslaande brân de kringloopwinkel oan de Professor Zernikestrjitte yn 'e jiske. De winkel hie doe krekt in grutte ferbouwing achter de rêch en soe op 15 juny feestlik weriepene wurde.

"Vooral het moment was bizar, omdat we net druk bezig waren met alle voorbereidingen voor de heropening van de kringloopwinkel", fertelt Helmhout. "Iedereen was in een feeststemming en een jubelstemming en ineens ontstond die uitslaande brand. Binnen een uur was het allemaal gedaan en was er niets meer van over. Voor ons, voor alle vrijwilligers en medewerkers, was het een behoorlijke slag."

Soad impact

Doe't de brân útbruts wiene der sa'n tritich frijwilligers yn de winkel en in oantal klanten, mar der rekke net ien ferwûne. Helmhout: "Geluk bij een ongeluk was, dat we anderhalve maand daarvoor een ontruimingsoefening hadden geoefend. Dus het bleef opvallend rustig, mensen wisten precies wat ze moesten doen. Daarmee is erger voorkomen en hebben we het alleen over materiële schade."

De brân hat dochs in soad impact hân op de meiwurkers. Se ha daliks profesjonele stipe krigen en alle wiken koene se der op spesjale kofjemominten mei-inoar oer prate. "Dat heeft heel veel geholpen en nu zijn we echt in de opbouwfase voor de herbouw", seit Helmhout. "Je merkt dat de mensen er ook weer zin in hebben en dat ze het nog mooier willen maken dan dat het was. Dus we willen echt de schouders er weer onder zetten."

Petearen oer werbou

Yn jannewaris binne der ferfolchpetearen mei de ferhierder oer de werbou, fertelt Helmhout. "We verwachten wel dat we na de zomer volgend jaar in Sneek weer kunnen openen."

Jelmar Helmhout fan kringloopwinkel Estafette yn Snits

Trefwurden: 
brân Snits kringloop
(advertinsje)
(advertinsje)