Tachtich dielnimmers oan krystkuier yn Aldeberkeap

Foar hieltyd mear minsken heart by de tradysje fan de krystdagen ek de krystkuier. Benammen op twadde krystdei binne der op tal fan plakken fan ditsoarte sûne kuiers. Yn Aldberkeap wie der op earste krystdei al in krystkuier mei skriuwer Karst Berkenbosch.
© Omrop Fryslân, René Koster
Yn Aldeberkeap waard op woansdei al troch sa'n tachtich dielnimmers kuiere. Sûnt 2012 is dêr op earste krystdei in saneamde krystferhalekuier. Skriuwer Karst Berkenbosch late dy tocht en fertelde ûnderweis it nedige oer de skiednis fan de streek.
By âldereinsintrum It Kamphuus fertelde Berkenbosch ek noch in krystferhaal, wylst de de kuierders oan sop en broadsjes sieten. Dat de bysûndere ferhalekuier yn Aldeberkeap in echte tradysje wurden is, docht wol bliken út it feit dat Berkenbosch ek foar takom jier al wer boekt is.
In tal fan Berkenbosch syn krystferhalen is bondele yn it boek 'Van huizen en huisjes', dat earder dit jier ferskynde.
© Omrop Fryslân, René Koster
Ferslachjouwer René Koster rûn in eintsje mei de krystkuier mei