Brânwacht Snits rêdt jong hynder út dongput yn Loaiïngea

25 des 2019 - 17:51

De brânwacht fan Snits moast op earste krystdei útride foar in fôle yn need oan de Oerdyk yn Loaiïngea.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

It jonge hynder wie yn in dongput bedarre en koe der net mear útkomme. Mei help fan in singelbân en in tou slagge de brânwacht deryn om it fôltsje út de dongput te rêden.

Der waard ek helpferliening oproppen út Ljouwert wei, mar dy koe healweis weromkeare.

(advertinsje)
(advertinsje)