Weromsjen: Mûne De Hond yn Peazens kin wer mealle

25 des 2019 - 16:55

De mûne De Hond by Peazens en de Miedemûne by Holwert binne wer klear. Se binne it ôfrûne jier opknapt en yn âlde steat werombrocht. Mei in finansjele bydrage fan it ministearje fan Kultuer wie de begrutting begjin febrewaris rûn en koene de bouwers úteinsette.

Mûnder Wim Rietdijk oan it wurk. - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Beide mûnen wienen yn minne steat. By de mûne yn Holwert moast ûnder oare wurk dien wurde oan de wjukken en de skroef. It mealwurk yn de nôtmûne De Hond by Peazens wie fertutearze en draaide net mear. It stie al sûnt 1950 stil. No is al it binnenwurk, wer nedich, ferfongen. Ek de minne balken binne ferfongen.

Foarsitter Wiepke Schukken is bliid dat it wurk no klear is: "It is foar it gebiet hjir ek in toeristyske lûker. In soad minsken komme lâns om efkes binnen te sjen." It is de bedoeling dat der ek wer meald wurdt. Mûnder Wim Rietdijk is der hielendal klear foar: "Ja, alles werkt weer. Het wordt alleen wel veevoer, want wil je het zo verkopen dan moet je voldoen aan strenge hygiëne-eisen."

Mûnder Wim Rietdijk makket it seil los. - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Schukken sjocht posityf nei de takomst: "We ha in fjirtich mûnen yn ús bestân. We ha en nimme der dit en takom jier seis goed ûnder hannen. Finansjeel kinne we dat goed drage want we meitsje optimaal gebrûk fan de saneamde 'instandhoudingssubsidie'."

De mûne De Hond by Peazens draait wer

Trefwurden: 
Holwert mûne Peazens De Hond
(advertinsje)
(advertinsje)