Soad ynteresse yn ekstra kavels bedriuweterrein Lauwerskwartier Surhústerfean

25 des 2019 - 15:51

Undernimmers ha in soad ynteresse yn de twadde faze fan bedriuweterrein Lauwerskwartier yn Surhústerfean. Alle alve nije kavels binne yn opsje. De twadde faze moat om de simmer fan 2020 hinne bouryp wêze.

Foto: Google Streetview

Lauwerskwartier kin definityf útwreide wurde nei in útspraak fan de Raad van State. De heechste bestjoersrjochter koe him net fine yn de beswieren fan omwenners dy't de oanlis fan de ekstra bedriuwsromte tsjinhâlde woene.

It bedriuweterrein krijt ek in twadde ûntsluting op De Skieding, wêrtroch't de ferkearsdruk op de Groningerstraat by Surhústerfean ôfnimt. Mei de oanlis fan de twadde ûntslutingswei, dy't foar 2021 op it programma stiet, is in totale ynvestearring fan 1,5 miljoen euro muoid. Provinsje Fryslân en de gemeente Achtkarspelen betelje elk de helte.

(advertinsje)
(advertinsje)