"Noch gjin konkrete ynteresse foar spilers fan SC Hearrenfean"

25 des 2019 - 14:13

Der is noch gjin konkrete ynteresse fan oare klups foar spilers fan SC Hearrenfean. Dat seit Hearrenfean-folger Roelof de Vries op basis fan petearen mei technysk manager Gerry Hamstra. Der sieten de ôfrûne tiid wol geregeld scouts fan ferskate klups út it bûtenlân op de tribune yn it Abe Lenstrastadion, mar ta transfers is it oant no ta noch net kaam.

Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân

Yn it petear mei sportferslachjouwer Roelof de Vries jout Hamstra oan dat in Deenske klup him meld hat foar Emil Frederiksen. De 19-jierrige Deenske middenfjilder hat in kontrakt oant en mei 2022 by SC Hearrenfean, mar mei wol oan in oare klup ferhierd wurde. Ek skynt der ynteresse te wêzen foar de Servyske linksbûten Nemanja Mihajlovic.

Eigen hierlingen bliuwe

Foar de eigen hierlingen Jens Odgaard en Sven Botman jildt dat se bliuwe by SC Hearrenfean. Oanfaller Odgaard wurdt hierd fan de Italiaanske klup Sassuolo en ferdigener Botman hat in kontrakt by Ajax.

Van Hau mei op trainingskamp

Goed nijs is ek dat Doan Van Hau meigiet op trainingskamp nei Girona. Dat stie noch efkes faai, om't der tagelikertiid ek in Aziatysk Kampioenskip ûnder de 23 jier is, mar de linksback út Fjetnam is net selektearre troch de bûnscoach fan syn bertelân.

(advertinsje)
(advertinsje)