Feyenoordfans krije fergees kaartsje foar wedstriid tsjin SC Hearrenfean

25 des 2019 - 13:48

Fergees nei in fuotbalwedstriid: it is foar in soad fans in grutte dream. Goed 800 Feyenoordsupporters dy't gjin jild ha foar in kaartsje meie op 18 jannewaris fergees nei de wedstriid fan Feyenoord tsjin SC Hearrenfean. It inisjatyf komt fan de Rotterdammer Sander Kolsloot.

Feyenoord - sc Heerenveen - Foto: Omrop Fryslân

Kolsloot betocht it plan doe't er op 'e fyts siet nei de kapper. Syn doel is om minsken dy't it swier ha mei it fergeze kaartsje wat op te fleurjen. Dêrom die er in oprop oan minsken mei in seizoenkaart om dy foar ien kear te jaan oan fans dy't it gewoanwei net betelje kinne. Mear as 300 Feyenoordfans hawwe harren eigen seizoenskaart beskikber steld foar de wedstriid tsjin SC Hearrenfean.

Ek de Rotterdamske fuotbalklup sels jout nochris 500 kaarten fuort oan frijwilligers fan Humanitas, de Voedselbank en it Leger des Heils.

(advertinsje)
(advertinsje)