Marianne van der Pal oer meunstertraining fan har man Stefan: "Nei twa pannen bamy wie er wer by sûp en stút"

25 des 2019 - 12:40

"Dizze training jout ús hiel goede moed foar it ferfolchtrajekt." Dat sei Marianne Faber-Van der Pal nei ôfrin fan de meunstertraining fan har man Stefan. Dy lei de ôfrûne fjouwer dagen mei-inoar 60 oeren yn it wetter as tarieding op syn alvestêdeswimtocht takom jier simmer.

Foto: Omrop Fryslân

De training ferrûn hast alhiel neffens plan. "Stefan wie allinnich hiel mislik op in bepaald stuit, dêr baalde er wol hiel bot fan", fertelt Marianne. "Dat komt nei alle gedachten om't syn lichem te wurch wie. Dêrnei hat er slept en doe wie de mislikens wer oer. Dat binne saken dy't wy meinimme yn de oanrin nei de echte swimalvestêdetocht."

Bysûnder

Marianne stie de ôfrûne dagen geregeld oan de kant fan it swimbad om har man te stypjen. "Ik tink der net sa by nei dat dit hiel bysûnder is. It komt mear troch de minsken der omhinne en de reaksjes fan oaren dat ik sa no en dan tink: oh ja, it is wol bysûnder wat er docht."

Bamy

Nei 60 oeren swimmen kaam Van der Pal wurch en benammen hongerich thús. "Hy hat twa pannen bamy opiten en doe is er op de bank yn sliep fallen", laket syn frou. Oer it ferfolchtrajekt kin se noch net in soad sizze. "Stefan moat no earst werstelle fan dizze training. Yn de foarjiersfakânsje sit hy der oan te tinken om 48 oeren achter elkoar te swimmen. En as it waar wer wat better wurdt, dan sil er mear yn iepen wetter traine."

Sponsoring

Op de fraach hoe't it giet mei de sponsors foar Stefan syn swimalvestêdetocht, fertelt Marianne dat der progresje is. "Wy binne drok dwaande mei de fergunningen en mei sponsoaren. De basis moat goed wêze, dus dêr binne wy op dit stuit noch mei dwaande."

Marianne van der Pal

(advertinsje)
(advertinsje)