Weromsjen: Noflik âld wurde yn De Peinder Mieden

Wenje midden yn de natoer: wa wol dat no net? Foar bewenners yn natoergebiet De Peinder Mieden waard dy dream lang om let werklikheid yn 2019. Nei't der sa'n 10 jier praat waard oer it opsetten fan it wenprojekt oan de râne fan De Pein binne de earste tolve hûzen yntusken bewenne. Twa fan dy allerearste bewenners binne Cor en Marianne van Staveren.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Wy binne hjir gelokkich, dit is it plak dêr't we âlde wurde wolle." Marianne van Staveren sjocht fan út har wenkeamer út oer it Peinder Kanaal. Sûnt maart dit jier wennet se mei har man Cor yn it natuergebiet De Peinder Mieden. Har kat komt yn de fierte oanrinnen: "Is it hjir in wier paradys foar him. Altyd wol earne in mûs te finen." De Van Staverens binne no gelokkich, mar in oantal jierren lyn wie dat wol oars. Doe twivelen se oft se der wol goed oan dien hiene harren hûs yn Aldegea (Sm.) te ferkeapjen.

Drege oanrin

Dy twivel hie te krijen mei alle prosedueres en fertragingen dy't it natuer- en lânskipsprojekt troffen. Yn 2008 waard it plan makke om yn it gebiet De Peinder Mieden in duorsume wenwyk te bouwen. It gebiet, dat foar de lânbou brûkt waard, moast feroare wurde ta in natuergebiet dêr't yn wenne wurde mocht. De eigeners binne sels ferantwurdlik foar it natuerbehear. Mar troch de finansjele krisis slagge it net genôch belangstellenden te finen. Dat slagge pas yn 2016.

Definityf bestimmingsplan

Doe ûntstie der op 'e nij fertraging. Tsjin it wizige bestimmingsplan waard beswier oantekene. Nei oerlis mei de beswiermakkers koe it bestimmingsplan yn july definityf fêstlein wurde. Yn 2018 sette de bou fan de earste wenten útein.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sûnt dit jier wenje de earste minsken yn it natuergebiet. Marianne en Cor van Staveren pakten yn maart 2019 harren ferhúsdoazen út. Se wenje der no mei in soad wille. Marianne van Staveren: "Alle dagen wer bin ik gelokkich dat we hjir sitte. Ut it rút wei sjoch ik dan in iisfûgel boppe it kanaal hingjen. Of hingje de kij hjir mei de holle oer ús omlining. Prachtich."

Passend yn it lânskip

Dochs fynt se net alles alhiel slagge: "Sjoch, it giet fansels om smaak. Mar ik hie leaver hân dat der wat mear boud wurde soe passend yn it lânskip. Sa mei in hûs maksimaal 10 meter heech wurde. Dat past eins net sa goed by dit gebiet hjir. Mar goed, hûzen hjir hoege net goedkard te wurden troch de wôlstânskommisje."

Tige gelokkich

Ek de dyk nei de huzen ta kin wol in opknapbeurt brûke. "Se ha 'm no wat oanpakt yn ferbân mei de feestdagen. Dat wie ek wol nedich want der sitte djippe kûlen yn", seit Marianne van Staveren. Ek al is it somtiden wat behelpen, de Van Staverens binne gelokkich yn De Peinder Mieden.
De earste bewenners fan De Peinder Mieden