Alvestêdeswimmer Stefan van der Pal: "Ik kan mijn tempo goed vasthouden"

Stefan van der Pal is klear mei syn swiere meunstertraining yn swimbad It Kealledykje yn Ljouwert. Hy hat trije dagen 12 oeren achter inoar swommen en lei ien dei krekt foar de krystdagen sels 24 oeren oanien yn it wetter. Sels is er tige te sprekken oer de maratontrainingen. "Ik kan mijn tempo goed vasthouden."
NOCH Stefan van der Pal
Van der Pal docht dizze training yn tarieding op syn Alvestêdeswimtocht yn de simmer fan takom jier. "Het oorspronkelijke plan was dat ik vijf dagen 12 uur zou zwemmen, maar dat paste niet in het schema van het zwembad", fertelt de tri-atleet út Ljouwert. "Vandaar dat we er drie dagen van 12 uur en één dag van 24 uur van hebben gemaakt."

Stipe fan Orca-swimmers

Leden fan swimferieningen Orca swommen op de lêste trainingsdei mei Van der Pal mei om him te stypjen mei syn 24-oeremaraton. "Dat was echt fantastisch", glimket de swimmer. "Ze hadden zelfs nog geld ingezameld. Geweldig!"
Van der Pal is tige te sprekken oer it ferrin fan de meunstertrainingen. "Ik moet er voor zorgen dat ik goed blijf eten en drinken. Ik maak powernaps van 20 minuten, wat erg goed werkt. Als ik vermoeid raak, dan pak ik zo'n rustmomentje. Het is niet dat ik echt slaap, ik lig gewoon eventjes lekker op een stretcher om warm te worden en daarna ga ik weer. Dan voel ik me weer supergoed."
© Omrop Fryslân, Ben de Jager