Keunst makket Ljouwert moaier

09 jul 2012 - 12:49

Ljouwert moat der bytsje by bytsje moaier op wurde. De gemeente besiket dit foarelkoar te krijen mei keunst yn iepenbiere romten. Fjouwer Ljouwerter keunstners binne moandei úteinset mei in keunstwurk yn 'e fytstunnel ûnder de Julianaleane troch. It wurdt net in standert graffity-keunstwurk. As it klear is, moat it foar in saneamde optyske yllúzje soargje.

Kommende tiid sil der op 22 plakken yn Ljouwert keunst komme, lykas by it Drachtser- en Europaplein, as dy pleinen opknapt binne. Al dizze keunst hat mei elkoar te krijen.

Trefwurden: 
keunst graffity
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)