Weromsjen: It ein en in nij begjin foar Sybrandy's Speelpark

It wie in krúsjaal jier foar Sybrandy's Speelpark yn Aldemardum. Nei 55 jier foel it doek foar it park, mar noch foar de offisjele sluting wie der al in rêdingsplan opsetten om it goedkeapste attraksjepark fan Nederlân dochs iepen te hâlden. Undernimmer Sjerp Jaarsma, eigener fan strânpaviljoen de Hege Gerzen, wol alle attraksjes ferhúzje en Sybrandy's in twadde libben jaan oan de Iselmar.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Heit Simon en soan Rienk Sybrandy hienen it park al jierren te keap stean, mar koene gjin keaper fine. Dit jier namen se it beslút om de losse attraksjes op in feilingwebside te setten.

Massaal ta de ponge

Doe't Jaarsma dat hearde, kaam hy op 31 july mei in rêdingsplan. Hy frege minsken om allegear 500 euro te donearjen. Jaarsma: "Binnen in pear dagen hiene we al tsientûzenen euro's. En doe wie it ek noch simmerfakânsje!"
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Op dit stuit hat Jaarsma mear as 100.000 euro oan donaasjes binnen, plus in liening fan 400.000 euro fan de gemeente De Fryske Marren. "It kin no hast net mear mis gean. We moatte noch in pear lêste fergunnings tekenje en dan kinne we begjinne mei it ferhúzjen", lit Jaarsma witte.

Mei in bytsje gelok

Hy hopet op 2 april 2020 iepen te kinnen, al is dat optimistysk. "As we dizze winter froast yn de grûn ha, rinne we gelyk fertraging op. En it is allegear al in strakke planning. We moatte dus wat gelok ha, mar dat ha we oant no ta elke kear noch hân."
In nij begjin foar Sybrandy's Speelpark