Giesto mei op 'plantejacht' oan de ein fan it jier?

Ast der op earste krystdei op út giest, freget Floron - de organisaasje foar ûndersyk en beskerming fan Nederlânske wylde floara - ofsto bloeiende planten yn de natuer telle wolst. Floron organisearret foar de sechsde kear de 'Eindejaars Plantenjacht'.
© ANP Foto
Tusken earste krystdei en 3 jannewaris kinst bloeiende platen melde by Floron. Ferline jier waarden mar leafst 537 plantesoarten fûn dy't yn bloei stiene. In jier earder wiene dat der noch 429.

Top 10 winterbloeiers

Planten lykas strjitgers, koweblomkes en fûgelkrûd kinne it hiele jier troch bloeie. Dizze soarten stiene de ôfrûne fiif jier yn de top 10 fan de saneamde winterbloeiers. As der net folle froast is en de temperatueren wat oprinne, kinne maaitiidsbloeiers lykas snieklokjes en de hazzenút ek al yn bloei reitsje.

Gjin túnplanten

Dielnimmers oan de plantejacht wurdt frege om in oere lang alle wylde en ferwyldere planten yn bloei te tellen en troch te jaan oan Floron. Túnplanten telle net mei. Neffens Floron is der net safolle bekend oer winterbloeiers. Mei de plantejacht wol de organisaasje dêr feroaring yn bringe.