Djoere grap foar falskmunter út Ljouwert

De plysje hat tiisdeitejûn in 52-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it beteljen mei falsk jild. De man besocht yn in kafee yn Ljouwert te beteljen mei falske briefkes.
Beurs yn de broek © Shutterstock.com
Doe't de plysje de man steande hold, hie er noch twa ferfalske briefkes fan 50 euro yn 'e beurs. De man is meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.