Kryststâl yn Broeretsjerke lûkt tûzenen minsken

25 des 2019 - 09:44

Tûzenen minsken witte dizze dagen de kryststâl - mei echt fee - yn de Broeretsjerke fan Boalsert te finen. Tusken de 10.000 en 15.000 minsken komme alle jierren wer om te sjen nei fiif skiep, sels mei twa hiel betide lamkes en in ezel. Bylden fan Jozef en Maria meitsje de stâl kompleet.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

"De bisten wienen der jierren lyn ek al", fertelt Anton van der Weide, ien fan de organisatoaren. "Foar my is dit al de santjinde of achttjinde kear. We ha der oardel dei mei dwaande west om de stâl sa del te setten."

Besikers kinne noch oant en mei snein de stâl besjen, tusken 9.00 en 22.00 oere.

Anton van der Weide

(advertinsje)
(advertinsje)