Brassband Apollo blaast Grousters foar de tritichste kear de krystdagen yn

25 des 2019 - 09:21

Rûnom yn Fryslân waarden minsken op earste krystdei al betiid wer wekker mei krystmuzyk. Yn ferskate stêden en doarpen is it tradysje om op earste krystdei sjongend of blazend troch de buorren te gean. Yn Grou wie brassband Apollo foar de tritichste kear op 'en paad.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op tal fan plakken spile de brassband krystlieten foar de Grousters. Dit jier koene minsken it korps ek útnûgje om by harren foar hûs te spyljen. Dêr moast dan wol in bydrage fan 50 euro foar de jeugdoplieding tsjinoer stean.

Foarsitter Jolanda Wijnstra fertelde dat dêr acht minsken gebrûk fan makke ha. "Foar ús in moaie ynstruier, mar it is dochs benammen te dwaan om it mienskipsgefoel. Dêrom is dit ek foar ús de moaiste wize om de krystdagen yn te gean!"

Brassband Apollo gong foar de tritichste kear op paad

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)