Erik falt grutte leafde Bran yn 'e earms by All You Need Is Love

25 des 2019 - 08:59

It telefyzjeprogramma All You Need Is Love wie op krystjûn it bêst besjoene programma mei hast 1,9 miljoen sjoggers. Yn it programma wie te sjen hoe't Erik út Ljouwert syn grutte leafde Bran út Baly yn syn earms slute mocht. Dat barde op in wibelige brêge boppe in ravyn yn Switserlân.

Foto: ANP Foto

It romantyske treffen fûn plak yn Switserlân, dêr't presintator Robert ten Brink fjouwer froulju en Erik wer by harren grutte leafde brocht. Yn it gefal fan Erik wie dat Bran út Baly. Beide manlju hiene inoar troffen fia Tinder en it wie leafde op it earste gesicht.

Bêst besjoen

All You Need Is Love mei presintator Robert ten Brink is tradysjegetrou it bêst besjoene programma op krystjûn. Ferskate fereale steltsjes wurde by harren grutte leafde brocht, dy't fan oer hiel de wrâld nei Nederlân helle wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)