Duizend Dagen: #2 Annie van het brood

24 mrt 2020 - 17:30

Yn 1992 bringt de komst fan in Syrysk gesin nei de menistetsjerke it hiele doarp De Rottefalle yn it spier. Foar de famylje betsjut it libben yn de lytse konsistoarje in tiid fan hope en útsichtleazens. Seker as bliken docht dat it tsjerke-asyl folle langer duorret as dat elkenien tinkt. Wêr helje de minsken de moed wei? Wat barre der foar 'nuvere saken' op 'e achtergrûn? Annie en Willem binne belutsen frijwilligers yn dy tiid en no beide oer de njoggentich jier. De oantinkens oan de Syryske famylje drage sy op in bysûndere wize by harren.

Sjoernalisten Wieberen Elverdink (Leeuwarder Courant), Diane Romashuk (Friesch Dagblad) en Karen Bies (Omrop Fryslân) makken DUIZEND DAGEN, in podcast yn fiif dielen oer de bysûndere skiednis fan it tsjerkeasyl fan De Rottefalle.

De podcast Duizend Dagen is te beharkjen op Spotify, Apple Podcasts en Google Podcasts.

It is in projekt fan Finster op Fryslân, makke mei stipe fan de provinsje Fryslân. Byld yn logo: Jentsje Popma.

(advertinsje)
(advertinsje)