BinckBank Tour begjint takom jier yn Dokkum

24 des 2019 - 21:12

De belangrykste hurdfytskoers foar profesjonele fytsers, de BinckBank Tour, begjint takom jier op moandei 31 augustus yn Dokkum.

Hurdfytsers - Foto: Pexels.com

De rittekoers troch Nederlân en België duorret oant en mei snein 6 septimber.

Yn 2015 en 2016 die de foargonger fan de BinckBank Tour Fryslân ek oan. Beide kearen wie Boalsert de stêd dêr't de koers úteinsette. It sportevenemint hiet doe noch de Eneco Tour.

De gemeente Noardeast-Fryslân hat foar kommende moandei in parsekonferinsje belein dêr't mear ynformaasje oer de etappe yn en om Dokkum folget.

Ferline jier wûn de Belch Laurens de Plus fan Jumbo Visma de etappekoers. De Binck Bank Tour falt dit jier yn de Ronde fan Spanje, dy't fan 14 augustus oant en mei 6 septimber hâlden wurdt.

Pytsje de Graaf

(advertinsje)
(advertinsje)