Keunstkij by tsiisfabryk A-ware op It Hearrenfean stellen
Tsien fan de 24 keunstkij binne yn de nacht fan moandei op tiisdei fuorthelle by tsiisfabryk A-ware op It Hearrenfean. It giet nei ferwachting om in nijjiersstunt.
Op it stik gers foar it fabryk binne twa spandoeken pleatst mei dêrop de tekst "Om de halvering van de veestapel te voorkomen, hebben wij de helft van deze koeien meegenomen".
De wurdfierder fan A-ware hat yn ferskate media witte litten de keunstkij graach werom hawwe te wollen. It bedriuw hat in beleanning foar de finer yn petto: syn of har gewicht yn tsiis.