Tûzenen besikers foar krystnachttsjinsten yn Drachtster Betheltsjerke

24 des 2019 - 20:00

Tûzenen minsken besykje de krystnachttsjinsten yn de Betheltsjerke yn Drachten. Op drokke jûnen kinne der sa'n 2.800 minsken yn de tsjerke oan De Bolder.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Mei elkoar binne der dizze dagen seis tsjinsten, ferspraat oer trije dagen. Eardere foargonger Orlando Bottenbley is ek oanwêzich om tsjinsten te lieden. Wat is neffens him de krêft fan de Betheltsjerke?

"We verkondigen het evangelie op een hedendaagse, sprankelende, inspirerende manier die bij de tijd is. We blijven bij die oude traditionele boodschap van Jezus Christus' komst naar deze wereld, maar we gieten dat in een jasje dat top is en dat spreekt de mensen aan. Mensen gaan hier anders vandaan dan dat ze gekomen zijn. Ze vertellen dat weer aan anderen en die willen dat ook een keer meemaken en zo zien we het groeien en groeien."

Wat is neffens him de krêft fan krysttsjinsten? "Veel Friezen hebben een kerkelijke achtergrond, maar komen niet meer in de kerk. Kerst roept verbondenheid op, men denkt terug aan de sfeer van vroeger. Daardoor gaat er toch weer iets leven bij mensen, ook al hebben ze niet veel meer met het geloof. Het is onze overtuiging als het ons lukt om de boodschap van Gods liefde te verkondigen, dan kan het niet anders dan dat je niet een keer per jaar komt, maar dat je er iedere week naar toe wilt."

Orlando Bottenbley

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

Ien fan de grutste krystnachttsjinsten is dy yn Sportstad Heerenveen. De 'Kerstnacht Heerenveen' lûkt tûzenen besikers. De tsjinst, mei as spesjale gast sjongeres Iris Kroes, is online live te sjen by Omrop Fryslân.

It tema is 'Verlangsamen'. Neist Iris Kroes wurkje ek dansstudio Hier! de brassbands Pro Rege en Advendo en it Groot Heerenveens Kerstkoor mei.

De krystnachttsjinst begjint om 20:00 oere en is te sjen fia omropfryslan.nl of de Omropapp.

(advertinsje)
(advertinsje)