Gasbedriuw jout buorlju gaswinput Noardwâlde kadobon foar oerlêst

Gaswinner Vermilion hat de buorlju fan de gaswinput by Noardwâlde in kadobon fan 20 euro jûn. De bonnen binne útdield yn it Rode Dorp, de strjitte fan Noardwâlde dy't it tichtst by de gaswinput leit.
Gasbedriuw jout buorlju gaswinput Noardwâlde kadobon fan 20 euro
De ôfrûne hjerst waard Vermilion op de fingers tikke troch it Staatstoezicht op de Mijnen omdat it bedriuw fier oer de lûdsnoarmen hinne gie, Vermilion wol op dizze wize wat foar de buert werom dwaan. De bonnen waarden allinnich yn de direkte omjouwing fan de gaswinput útdield. By minsken dy't krekt wat fierder fan de put wenje, hat it bedriuw net oan de doar west.
It Rode Dorp by Noardwâlde © Omrop Fryslân
Vermilion wol de kommende jierren folle mear gas winne yn Noardwâlde. It bedriuw krijt dêr foarearst ek de romte foar, want de gemeente Weststellingwerf ferlear in proseduere tsjin dy útwreiding fan de gaswinning.

Noed oer útwreiding

Njonken de gemeente meitsje ek guon omwenners harren soargen oer dy útwreiding. Daniël Oostra út Sânhuzen sit benammen yn noed oer it risiko op boaiemdelgong. Oostra wennet, lykas in soad minsken yn it doarp, yn in wat âlder pleatske en sit net te wachtsjen op it sakjen fan de boaiem.
De foarsizzing fan Vermilion dat de boaiem yn Noardwâlde en omkriten net mear as 4 sintimeter sakje sil, fertrout er net. Op ferskate oare gaswinlokaasjes yn Nederlân wie de delgong fan de boaiem grutter en flugger as yn 't foar berekkene.
Daniël Oostra fan Sânhuzen
Neffens Linda Jones fan Sânhuzen bestiet de kâns dat Weststellingwerf lykas Grinslân te meitsjen krijt mei ierdbevings as gefolch fan dy gaswinning. Op 11 desimber waard se moarns om trije oere wekker troch in trilling, dy't neffens har bot op in ierdbeving like.
Sy fynt dêrom dat der gau mjitapparatuer yn de streek komme moat om takomstige ierdbevings en ierdbevinkjes goed te registrearjen. It risiko fan ierdbevings yn it gebiet is seker net tinkbyldich, want de grutste Fryske ierdbeving oant no ta wie yn it jier 2009 yn it doarp De Hoeve, oan de oare kant fan de gaswinput.
Se lit it der net by sitte. Sy is - lykas de gemeente Weststellingwerf - dwaande mei nije juridyske stappen tsjin gaswinner Vermilion. Neffens har binne der ferskate saken dy't net doge oan de fergunnings dêr't Vermilion mei wurkje wol. It bedriuw wol bygelyks trochgean mei it winnen fan gas oant 2038, wylst de konsesje mar oant 2025 rint.
Linda Jones oer de ierdbeving by De Hoeve yn 2009