Trije ton subsydzje minder foar Ljouwerter skouboarch De Harmonie

24 des 2019 - 17:31

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert moat it fan seizoen 2020/2021 ôf dwaan sûnder de trije ton subsydzje dy't sy de ôfrûne fiif jier fan de gemeente krigen. De gemeente hat net genôch jild mear om de subsydzje oan De Harmonie te jaan.

Ofrûne jier krige de skouboarch ek al gjin subsydzje mear, mar dat koene sy noch opfange mei de reserves, sa seit direktrise Marijke van der Woude. "Tijdens LF2018 hebben we een heel goed seizoen gedraaid. De reserves hiervan konden we gebruiken om het tekort voor dit jaar op te vullen", seit Van der Woude.

Dy reserves binne der yn it nije seizoen net en dat soarget foar de nedige problemen. De Harmonie sil om de kosten te beheinen sjen nei trije faktoaren: personielskosten, programmearring en de nije takomstige ûntwikkelingen. "We willen graag de controle houden, ook omdat we bij LF2018 hebben laten zien dat wanneer je geld en tijd stopt in kunst en cultuur, je er ook iets aan over kan houden", seit Van der Woude.

LF2018

De Harmonie hie hope en ferwachte dat nei it sukses fan kulturele haadstêd 2018, de gemeente de subsydzjes wol wer werom jaan soe, mar dat wie net it gefal. "We hebben niet alleen gehoopt, we hebben er ook nadrukkelijk om gevraagd, maar we hebben daar toch niet een positief antwoord op kunnen krijgen", seit Van der Woude.

Sy hopet dat sy dochs elkenien derfan oertsjûgje kin hoe belangryk oft De Harmonie is en dat minsken ynvestearje yn de keunst en kultuer yn Fryslân.

Marijke van der Woude

(advertinsje)
(advertinsje)