Topdrokte restaurants mei krysttiid: Wêrom ite hieltyd mear minsken bûten de doar?

24 des 2019 - 17:10

Gjin drokte, gjin ôfwask en gjin stress om iten, dat is wêr't hieltyd minsken foar kieze. Yn stee fan thús efter it fornús te krûpen, ite minsken leaver bûten de doar. Dat betsjut dus topdrokte foar restaurants. Pensjonearre skoanheit dy't meihelpt yn de keuken en reservearringen dy't al yn septimber binnen komme. Alles wurdt út de kast helle om de drokte oan te kinnen.

By Stania State yn Oentsjerk fernimme se de drokte ek. "Mensen willen graag uit eten tijdens de kerst," seit eigener Anne ten Hof. "Ze hebben gewoon geen zin meer in die drukte en puinhopen thuis."

Dus komme der hieltyd mear minsken by Stania State te iten mei de krystdagen. Se sjogge it tal reservearringen elk jier wer tanimmen. Dit jier stiet de teller al op mear as 700 minsken foar twa dagen. "De eerste reserveringen stroomden al in september binnen," seit Ten Hof. "Daardoor zaten we vijf weken voor de kerst al compleet volgeboekt."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It personiel is al betiid begûn mei de tariedingen. De drokte moatte se fansels foar wêze. "We binne om ûngefear acht oere begûn", seit wurknimmer Aaltsje de Boer. Sy wurket yn de betsjinning en giet mei in protte wille de krystdagen yn.

"Ferline jier wie ik foar it earst frij mei de krystdagen, mar ik bin no bliid dat ik oan it wurk mei. Gesellich mei de kollega's en dat thús sitten fûn ik mar neat", laket se.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by Stania State yn Oentsjerk. Wat ferwachtsje sy? 

Pensjonearre skoanheit yn de keuken

By Sjoddy's yn Ljouwert hawwe se in geheime krêft ynset om de drokte oan te kinnen. "Myn skoanheit wurket mei", laket Ypie van der Leij as sy de keuken fan it restaurant ynrint. "Hy is al mei pensjoen, mar kin no moai noch efkes helpe. Hy docht benammen de ôfwask en wat oare putsjes, want hy is gjin kok", laket Ypie. "Mar we hawwe it sa drok, dat alle stipe wolkom is."

Skoanheit Piet is it dan ek mei Ypie iens. "Dizze tiid is it sa drok, dat ik ek net thússitte wol," seit hy wylst hy de ôfwask docht. "Twadde krystdei kinne we hjir mei-ite, sa betelje se my dan mar werom", laket Van der Leij.

Foto: Omrop Fryslân, Michel Kuiper

Gjin krystdagen allinnich

By Sjoddy's kinne minsken reservearje dy't allinnich binne mei de krysttiid. "Minsken dy't gjin selskip hawwe, kinne hjir oanskowe", seit Ypie wylst sy servetten op in tafel leit. "We binne trije jier lyn mei dit konsept begûn en dat foldocht hiel goed. Minsken wolle graach mei de krysttiid wat omtinken ha en dat kin hjir. Se kinne inoar net, mar ite wol mei in hiele groep. Dêrtroch ûntsteane nije freonskippen en ha in tal persoanen dochs in moaie tiid."

Dat idee fan nije minsken moetsje hat al wat opsmiten. "Trije jier lyn kamen hjir folslein ûnbekenden fan inoar. No binne sy de bêste freonen wurden en komme se elk jier werom", seit Ypie wylst se nammebuordsjes op de tafel leit. "As se mar in moaie krysttiid hawwe."

By Sjoddy's wurket sels heit mei yn 'e keuken

Foto: Omrop Fryslân, Michel Kuiper
(advertinsje)
(advertinsje)