Bylden Walk of Fean nei opslach nei safolste fernieling

24 des 2019 - 17:00

Op It Hearrenfean stiene oant no tsien bylden fan bekende sporters út de gemeente, mar om dizze tiid hinne wurde se der weihelle. De bylden wurde hieltyd fernield, en dan wurdt reparaasje te djoer.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar de fiifde kear binne de bylden fernield. "Soms waren het kleine beschadigingen, maar we hebben ze ook gehalveerd aangetroffen, dat een helft weg was. Ze zijn met geweld van hun sokkel gehaald," seit Frank van Hout, hy is fan de organisaasje dy't de bylden der delset hat.

"Dit moet wel moedwillig zijn gebeurd, het kan niet per ongeluk gebeuren. Het is triest. Ik heb geen idee over mogelijke daders. Ik kan me niet voorstellen dat mensen dit doen."

Hy fynt it skande dat se dit beslút nimme moasten. "Het is hartstikke zonde. We zijn er trots op en we kregen geweldige reacties bij de opening, maar we weten niet hoe we dit nog overeind moeten houden."

Op syk nei nij plak

De bylden komme no earst feilich yn in opslach. "In januari gaan we eens rustig met bestuur, sponsoren en subsidiegevers als provincie en gemeente overleggen over alternatieven. We zijn trots op onze sporters en die moeten een goede plek krijgen. Niet in het openbaar, dus we moeten er een andere plek voor vinden, bijvoorbeeld in een museum of Sportstad of Thialf."

Hy fynt it ek spitich foar de sporters. "Ze hebben belangeloos meegewerkt en er tijd ingestoken. Het is jammer dat dit zo minder uitstraling krijgt dan we oorspronkelijk van plan waren."

Frank van Hout

(advertinsje)
(advertinsje)