Welmoed Sijtsma bliid mei nije presintaasjeput: "Ik fyn it fantastysk!"

24 des 2019 - 15:55

De Fryske Welmoed Sijtsma is ien fan de duo's dy't de nije talkshow Op1 presintearje sil. "Ik fyn it fantastysk. It plak op de lette jûn is it plak yn de telefyzjewrâld dêr'tst sitte wolst. Ik freegje my wol ôf oft de gewoane sjogger op de bank dat ek troch hat. It is ek wol wer in mediadinkje fansels."

Welmoed Sijtsma wol it nijs net te grut meitsje. "Ik besykje der net tefolle oer nei te tinken, it is mar ien dei yn de wike, en ik doch it neist myn wurk by Goedemorgen Nederland, foar trije moannen earst. Want oars reitsje ik wol in lyts bytsje yn totale panyk."

Se hearde it nijs noch mar koart lyn. "Doe't it juster yn de media kaam, wie ik der noch net iens wis fan dat it trochgean soe. It wie allegear last minute, der wie in koppel útfallen. Uteinlik wist ik it juster dus ek seker."

Ynteresse oanjaan

"It is fia de haadredakteur fan WNL gien, want WNL wol fansels ek graach in plakje op de lette jûn. Meardere minsken ha screentesten dien, al dy testen leinen by de NPO en dy hat it beslút nommen. Doe't ik wist dat dit spile, ha ik fansels wol myn ynteresse by myn haadredakteur kenber makke", laket de presintatrise. Se is bliid dat it yn dizze setting is. "Ast sa presintearre wurdst datst it tsjin Eva Jinek opnimme moatst, is dat fansels hiel oars as no om't we no ûnderdiel binne fan in pool fan tsien minsken."

Har duopresintator Sander Schimmelpenninck koe se al. "Hy hat ek in pear programma's by WNL dien. En ik ha him in kear midden yn de nacht twa oeren lang ynterviewd foar in oar WNL-programma. We sitte wol op ien line, dat is moai. Leuk dat ik it mei him dwaan sil."

Spannend

Se fynt it ek wol spannend. "Ik moat der net tefolle oer neitinke, we ha earst de krystdagen en ik sil noch in wike mei fakânsje. Dus ik ha net folle tiid om deroer nei te tinken. Ik sil goed myn bêst dwaan. It nije jier begjint yn alle gefallen goed!"

Tongersdei 9 jannewaris is Welmoed Sijtsma foar it earst te sjen.

Mei dizze stap makket har karriêre grutte sprongen. Earder wurke se by Omrop Fryslân, makke doe oerstap nei lanlike telefyzje, wurke by it Jeugdjournaal en stapte ôfrûne simmer oer nei Goedemorgen Nederland fan WNL.

Trefwurden: 
Welmoed Sijtsma telefyzje Op1
(advertinsje)
(advertinsje)