Undersyk nei langetermyngefolgen gaswinning Waad nedich

Der moat ûndersyk komme nei de langetermyneffekten fan gaswinning ûnder de Waadsee. Dat advisearret de Commissie voor de Milieueffectrapportage neidat minister Wiebes van Ekonomyske Saken frege hat om it hjoeddeistige tafersjoch dêrop tsjin it ljocht te hâlden.
© Remco de Vries
Gaswinning is no tastien ûnder it Waad, mar by tefolle boaiemdelgong of skea oan de natuer moat de gaskraan tichter draaid wurde. Dêr wurdt ek tafersjoch op hâlden en de wize wêrop't dat bart, wurket neffens in saneamde auditkommisje goed om wichtige feroarings yn it Waad te folgjen.
Op de lange termyn leit dat lykwols mooglik oars. It is ûndúdlik hoelang't de boaiem noch sakje sil neidat de gaswinning ophâldt. Ek is it net dúdlik wat de boaiem docht as der minder druk komt op 'wettertrochlittende lagen'.
Dêrby komt nochris de mooglik ferhastige hegere seespegel. De kommisje twivelet net oan de hjoeddeistige wurkwize, sa skriuwe sy. Mar sy advisearret dochs "om in komende rapportages te onderzoeken of het 'hand aan de kraan'-principe ook de langetermijngevolgen voor de natuur voldoende kan beheersen."