Plysje siket hurdfytser dy't tsjûge wie fan ûngelok by Garyp
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in deadlik ûngelok by Garyp. Dat ûngelok barde ferline wike woansdei, by de Foanejachtbrêge.
In frachtwein kaam doe yn botsing mei in bestelbuske. Ien persoan kaam hjirby om it libben. De plysje is spesifyk op syk nei in fytser of hurdfytser dy't op it momint fan it ûngelok yn de buert wie.