Boargemasters diele earbeskermers út oan karbidsjitters

24 des 2019 - 14:53

De boargemasters Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel en Oebele Brouwer fan Achtkarspelen hawwe eardoppen útdield oan karbidploegen. Se wolle dêrmei mear omtinken freegje foar feilichheidstips om sa ûngelokken foar te kommen by it karbidsjitten.

Karbid sjitten - Foto: Omrop Fryslân

De BOCK-kampanje, de feilichheidskampanje rûnom it karbidsjitten, set dit jier yn op earbeskerming mei de slogan 'Een echte BOCK heeft doppen op'. BOCK stiet foar Bewust Oplettende Carbid Knaller. Dit is de persoan binnen de groep dy't omtinken hat foar de feiligens by de tradysje fan it karbidsjitten.

It tal karbidsjitters nimt yn de gemeenten noch hieltyd ta. "It sjitten mei karbid is in moaie tradysje dy't wy graach behâlde wolle. Mar der barre noch te faak ûngelokken", seit boargemaster Gebben. "As mei karbid sketten wurdt, is it dus hiel wichtich dat it feilich dien wurdt. Mei dizze kampanje wolle we de minsken dêr graach yn it foar op wize. Wês foarsichtich en tink om inoar!"

"Gesellichheid en wille, dêr draait it by de jierwiksel om. Ik fyn karbidsjitten in moaie tradysje. Ik sil op âldjiersdei dan ek in rûntsje meitsje by de karbidploegen yn Achtkarspelen. Foar my is feilichheid fan grut belang. Foar de karbidsjitters en ek foar de omstanners. Dêrom dogge we mei oan de BOCK-kampanje", fertelt Oebele Brouwer.

(advertinsje)
(advertinsje)