Krystgroet fan keninklike famylje yn it Frysk

24 des 2019 - 14:17

Kening Willem-Alexander, Keninginne Máxima en harren trije dochters ha in bysûndere krystgroet stjoerd yn ferskate talen, wêrûnder it Frysk. De famylje pleatste tiisdei in foto op sosjale media en dielde dêrby de bêste winsken yn it Nederlânsk, Spaansk, Frysk en Papiamintsk.

"Een gezegende kerst en een gezond en voorspoedig 2020. Merry Christmas and a healthy and prosperous new year. Feliz Navidad y un próspero Año Nuevo. Folle lok en seine yn it nije jier. Un pasku yen di bendishon i un próspero aña nobo", skriuwe se.

De famylje keas dit jier foar in foto dy't ôfrûne maaie makke waard by harren priveereiske nei Sevilla. Op de foto ha Máxima en dochters Amalia, Alexia en Ariana tradisjonele flamenkojurken oan.

Sevilla is in bysûnder plak foar Willem-Alexander en Máxima. Dêr learden de twa elkoar tweintich jier lyn kennen. Fandêr ek dat se dit jier harren dochters meinamen nei de Spaanske stêd.

Willem-Alexander is tige ynteressearre yn Fryslân.

Bearn Bilker

Yn de oare talen winske de famylje elk dus 'een gezegende kerst, Merry Christmas en Feliz Navidad', mar yn it Frysk stie allinne 'folle lok en seine yn it nije jier'. Gjin moaie Krystdagen dus.

"Prachtich dat soks gebeurt, mar spitich dat de krystgroet net neamd is", seit Bearn Bilker. Neffens de keningshûskenner is kening Willem-Alexander tige yn Fryslân ynteressearre. Hy hat him wolris te gast hân en doe die bliken dat er goed op de hichte wie fan de Fryske skiednis. "Yn it Maria Louisejier yn 2015 siet ik by him en wurden as fierljeppe en skûtsjesile komme der flekkeloas út."

As er wer ris yn Fryslân komt, hopet Bilker dat er in stikje Frysk yn de taspraak docht. "It is alwer tsien jier lyn dat - doe noch - Keninginnedei yn Fryslân wie, dus we binne hast wer oan bar." De kening is Frysksinniger as syn mem. "Beatrix huldige it stânpunt dat se Keninginne 'der Nederlanden' wie, mar doe't se yn 2008 yn Frjentsjer wie sei se as lêste 'tige tank'."

Wilhelmina hie in soad mei Fryslân. "Se wie gek op de skiednis fan de Fryske Nassaus en benammen Willem Lodewyk. By de ûntbleating fan it stânbyld Us Heit yn 1906, hâlde se in taspraak en dêrfan die se de lêste alinea yn it Frysk."

Bearn Bilker

(advertinsje)
(advertinsje)