Jonge fertochten (14 en 15) stekpartij Drachten langer fêst

24 des 2019 - 13:17

De jonge fertochten fan in stekpartij yn Drachten bliuwe fjirtjin dagen langer fêstsitten. It Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân hat dat tiisdei bekend makke.

Foto: ProNews

De rjochter-kommissaris fynt dat de jonges fan 14 en 15 jier noch net frijkomme meie. Se ha beheinende maatregels oplein krigen.

Swierferwûne

By de stekpartij by in kafee oan de Zuidkade rekke sneintejûn in 15-jierrige jonge swierferwûne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De fertochten naaiden út, mar waarden let op de jûn oanholden.

Nei it ynsidint rekken omstanners slachs. Dêrby rekke in plysjeman ferwûne. De agint waard slein doe't er ambulânsepersoniel helpe soe dat troch omstanners bedrige waard. De man dy't de plysjeman sloech, hat him noch hieltyd net meld. Hy hat him moandeitejûn wol bekend makke fia Facebook mei de belofte himsels oan te jaan, mar dat is dus noch net bard. "Hopelijk meldt hij zich vandaag nog. We zijn actief aan het zoeken, maar hebben hem nog niet gevonden", seit de wurdfierder fan de plysje.

Al kontakt mei de âlden

De beheining hâldt net yn dat de twa jongens gjin kontakt ha mei harren âlden. Advokaat Bart Canoy: "Ouders hebben dezelfde rechten als de advocaten. Dat wil zeggen dat ze onbeperkt en zonder toezicht bij hun kinderen mogen zijn. Ze dienen zich wel te houden aan de huisregels. Dus midden in de nacht mogen ze niet op bezoek komen."

It oplizzen van in beheining oan minderjierrigen komt net faak foar. Canoy: "Justitie probeert het opleggen van een voorlopige hechtenis voor jeugdigen vaak te vermijden. Maar in het geval van een levensdelict mag een minderjarige in beperking vastgehouden worden."

(advertinsje)
(advertinsje)