Twa jonges (13) oanholden mei sterke drank, mes en yllegaal fjoerwurk

24 des 2019 - 12:36

Twa jonges fan 13 jier binne moandeitejûn oanholden by de Nijstêd yn Ljouwert. De jonges foelen op fanwege fertocht gedrach en waarden dêrop oansprutsen troch tafersjochhâlders.

Foto: Twitter, @Toezicht_Lwd

Doe't de jonges de tafersjochhâlders seagen, besochten se guod te ferstopjen en fuort te fytsen. It die bliken dat de jonge fertochten twa flessen sterke drank, in mes en yllegaal fjoerwurk by harren hiene. Se binne oerbrocht nei it buro en de foarwerpen binne yn beslach naam.

De jonges ha proses-ferbaal krigen en der wurde soarchmeldingen dien. De âlden binne op 'e hichte brocht en sy ha de jonges op it buro ophelle.

(advertinsje)
(advertinsje)