Omheech heljen hoanne op Kallemooifeest Skiermûntseach bliuwt tastien

24 des 2019 - 11:58

Stichting Comité Dierennoodhulp út Amsterdam is om 'e nocht nei de Ried fan Steat stapt tsjin it omheech heljen fan in koer mei in hoanne deryn by it jierlikse Kallemooifeest op Skiermûntseach.

Foto: Omrop Fryslân

Dierennoodhulp protestearre earder dizze moanne tsjin de evenemintefergunning dy't boargemaster Ineke van Gent ferliende oan de Stichting Folkloristisch Pinksterfeest, de organisator fan Kallemooi. Neffens tradysje wurdt trije dagen lang in hoanne fongen holden op achttjin meter hichte. De Ried fan Steat wiisde it beswier fan Dierennoodhulp tiisdei ôf.

Dieremishanneling falt net ûnder de iepenbiere oarder, sa sei de heechste bestjoersrjochter. De boargemaster mei de fergunning op dy grûn dan ek net wegerje. De Ried fan Steat ferwiist de diererjochte-organisaasje troch nei minister Carola Schouten. Oan har kin frege wurde om de Wet dieren te hanthavenjen, dêr't yn stiet dat dieremishanneling ferbean is.

Neffens Sandra van de Werd fan Dierennoodhulp is der al in hanthaveningsfergunning yntsjinne by de minister, mar is dêr neat mei dien. Ek in hanthaveningsfersyk by de NVWA waard ôfwiisd.

Neffens de rjochtbank Noard-Nederlân, dy't de saak ferline jier besjoen hat, is der gjin sprake fan dieremishanneling.

Sandra van de Werd fan Dierennoodhulp

(advertinsje)
(advertinsje)