Museum Belvédère krijt bysûndere skilderijen kado

Museum Belvédère hat in bysûndere skinking krigen fan in anonime samler. It giet om fyftjin skilderijen út de priveekolleksje fan de skinker. It museum op It Hearrenfean hie de skilderijen al langer yn brûklien, mar no meitsje de stikken offisjeel diel út fan de museumkolleksje.
Skilderij fan Robert Zandvliet © Museum Belvédère
It giet ûnder mear om in monumintaal skilderij fan Robert Zandvliet, twa skilderijen fan Gerrit Benner, twa wurken fan Siep van den Berg en skilderijen fan Boele Bregman, Christiaan Kuitwaard, Thijs Rinsema en Tjibbe Hooghiemstra.
Museum Belvédère fynt de skinking in geweldige oanwinst foar it museum dat him spesjalisearret yn moderne en eigentiidske keunst út Fryslân.