Frou út Ljouwert smokkelet drugs de finzenis yn

24 des 2019 - 10:06

In 51-jierrige frou is moandei betrape op it nei binnen smokkeljen fan drugs by de finzenis yn Ljouwert.

Oanhâlding - Foto: Shutterstock.com

De frou út Ljouwert woe hasj, kokaïne en 25 XTC-pillen nei binnen bringe. Se is oanhâlden en de plysje docht ûndersyk nei it foarfal.

(advertinsje)
(advertinsje)